Kontrôle dykôfsetting N919

04 okt 2009 - 15:25

De plysje hat sneontemoarn by in kontrôle op de N919 by de trijesprong Haulerwyk, fêststeld dat in soad automobilisten it rydferbod dat dêr ynsteld is, negearje. Yn in oere tiid krigen 25 autobestjoerders in bekeuring.

It fak is yn ferbân mei wurksumheden oan de dyk ôfsletten mei stekken en mei buorden is in omliedingsrûte oanjûn. De plysje sil de kommende tiid faker oan beide siden by de dykôfsetting kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)