Konteners oanspield op Amelân

04 okt 2009 - 14:10

Der binne snein twa konteners oanspield op it strân fan It Amelân. Se binne ôfkomstich fan it skip Navi Baltic dat yn de nacht fan sneon op snein boppe Skylge fear. It skip fart ûnder Liberiaanske flagge en wie fan Zeebrugge ûnderweis nei Hamburg.

Yn totaal is it skip njoggen konteners kwytrekke. Yn ien fan de twa oanspielde konteners sitte printers en yn de oare snobbersguod. Rykswettersteat hat dit sneintemiddei bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)