Rely Jorritsmaprizen útrikt

03 okt 2009 - 16:06
  • De tsjerke fan Bears

Yn it tsjerkje fan Bears binne sneon de jierlikse Rely Jorritsmaprizen útrikt. Elske Kampen út Gytsjerk wûn mei in gedicht. De winnende ferhalen binne skreaun troch Lida Dykstra út De Knipe en Simen de Jong út Bussum.

By de Junior-Rely gie de earste priis nei Jorn van der Schaar. Casper Oukes waard twadde en Annette Adema tredde. Se komme allegearre fan Wommels. De oanmoedigingsprizen gean nei Jessica Boogaard, Sjoerd Rypkema, Tina-Maria Greidanus en Reina Nauta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)