Nije kazerne yn Menaam

03 okt 2009 - 15:23

De brânwacht fan Menaam sit fan sneon ôf yn in nij ûnderkommen. De nije kazerne waard iepene troch boargemaster Van Delft fan Menameradiel. It gebou op it bedriuweterrein oan 'e Bitgumerdyk ferfangt de âlde kazerne yn it doarp. Dy foldocht net mear oan 'e easken.

Helpferlieningsynstânsjes hâlden demonstraasjes by de iepening. De brânwacht Menameradiel bestiet út 28 frijwilligers. Der wurde noch mear socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)