Riders mei drank op pakt

03 okt 2009 - 14:26

De plysje hat trije bestjoerders mei drank op pakt. In automobilist (24) út Sleat hie sa folle dronken dat er by Tsjerkgaast mei de auto yn in sleat oan 'e Gaestdyk telâne kaam. Syn rydbewiis is ynnaam.

Fierders koe in brommerrider (44) út Stiens syn bromskooter ynleverje. Syn rydbewiis wie al earder ynnaam om't de man doe ek mei drank op ried. En in fytser (53) út Ljouwert lei út 'e tiid op 'e Saturnuswei yn syn wenplak. De man is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)