Kuierje tsjin kanker

Goed twatûzen kuierders rûnen sneon de fyfde edysje fan 'e tocht Bewegen voor overleven. Mei de kuiertocht wurdt omtinken frege foar froulju dy't boarstkanker hawwe.
By de start wie der mei in spesjaal liet omtinken foar âld-deputearre Anita Andriesen. Se ferstoar ferline jier oan 'e sykte. Ferline jier iepene se de tocht noch. De tocht is sawat 25 kilometer lang en giet fan Sint Jabik nei Ljouwert. It is tagelyk de earste etappe fan it Jabikspaad.