De Kast op filmfestival

Popgroep De Kast makke freed syn offisjele comeback. De band die dat mei in optreden by de útrikking fan de Gouden Kalveren op it Nederlânsk Filmfestival yn Utrecht. It earste nije nûmer fan de band is 'De Hel van '63'. Dat is de titelsong fan de film mei deselde namme, oer de Alvestêdetocht fan 1963.
It twadde optreden fan De Kast is op 13 desimber by de premjêre fan de Alvestêdefilm fan Steven de Jong. Dat is yn it WTC-Expo yn Ljouwert.