SP-Steatelid ferstoarn

03 okt 2009 - 11:34
  • Frans Baron (Foto: SP-site)

SP-Steatelid Frans Baron út Drachten is freedtejûn nei in koart siikbêd ferstoarn. De 59-jierrige Baron wie de grûnlizzer fan de SP yn Fryslân. Hy wie jierren riedslid yn Smellingerlân en fan 2007 ôf lid fan Provinsjale Steaten. Fraksjefoarsitter Ad van de Kolk sprekt fan in grut ferlies. Neffens him woe de SP Baron huldigje as tank foar syn fertsjinsten. Mooglik bart dat no postúm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)