Deinum: Pama moat geduld dwaan

02 okt 2009 - 19:48

Cambuur-direkteur Alex Pama moat geduld dwaan as it giet om plannen foar de bou fan in nij Cambuur-stadion. Dat seit wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert yn in reaksje op wurden fan Pama. Dy driget op te stappen as der healwei takom jier net besletten is ta de bou fan in stadion.

Deinum begrypt dat Pama ambisjeus is en dúdlikheid ha wol. Mar it giet hjir om in miljoeneprojekt. De gemeente moat goed neitinke oer útjeften no't minder jild fan it Ryk ferwachte wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)