Ein yn sicht foar drafbaan

02 okt 2009 - 17:02

Der liket in ein te kommen oan de draverij op de drafbaan yn Wolvegea. It Drafsintrum Wolvegea, de eigner fan de drafbaan en de gebouwen is fallyt. De eksploitant, dy't de drafbaan hiert is net fallyt. Dus op dit stuit giet de draverij noch gewoan troch.

Kurator Christiaan Mensink tinkt dat der mooglikheden binne om in trochstart te meitsjen. Mar dan moat de drafbaan mear ynkomsten krije út de weddenskippen en it organisearjen fan eveneminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)