'Projekt yn striid mei wet'

Advokaat Tjalling van der Goot
It projekt 'Weekendje weg' fan Ljouwert en Snits is stridich mei de wet. Dat seit advokaat Tjalling van der Goot fan advokatekantoar Anker&Anker. By dat projekt wurde minsken dy't yn it wykein oppakt wurde foar it plegen fan geweld it hiele wykein fêstholden.
Dermei wolle Ljouwert en Snits it geweld te liif gean, mar neffens Van der Goot mei dat net op dizze wize. Yn de wet stiet dat in fertochte mar 15 oeren fêstholden wurde mei.