Kollumerlân siket snoeiers

02 okt 2009 - 13:14

De gemeente Kollumerlân siket frijwilligers dy't stobbewylgen yn de gemeente ûnderhâlde kinne. Kollumerlân woe de wylgen earst kappe, mar dat soarge foar in soad ferset ûnder de ynwenners fan de gemeente.

De beammen moatte in pear kear yn it jier snoeid wurde en dat is tefolle wurk foar de gemeente. Kollumerlân kaam dêrop mei in oplossing. As frijwilligers it wurk dogge, hoege de wylgen net fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)