Needfûns troch bedriuwslibben

02 okt 2009 - 11:28

De provinsje ropt it bedriuwslibben op jild beskikber te stellen foar de earmoedbestriding yn Fryslân. Dat jild soe brûkt wurde moatte foar in needfûns, dêr't koartrinnende skulden fan earme minsken út betelle wurde kinne.

Deputearre Piet Adema frege de stipe fan ûndernimmers freed by in gearkomste oer earmoedbestriding yn Ljouwert. Adema tinkt dêrby oan ûnder mear enerzjyleveransiers en kabeleksploitanten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)