Oplossing binnenpaad Boksum

© Omrop Fryslân
De gemeente Menameradiel hat in oplossing fûn foar de problemen mei it binnenpaad tusken Boksum en Blessum. It paad kin al in skoft net mear brûkt wurde omdat in boer der yllegaal in lisboksstâl op boud hat.
Eardere ûnderhannelings mei de boer oer in oplossing rûnen op neat út. De gemeente hat no besletten in stik fan it paad opnij oan te lizzen, yn de buert fan it âlde. Doel is dat dat wurk noch foar de winter klear is.