Nachtbus Drachten gjin sukses

02 okt 2009 - 10:34

As der net op koarte termyn reizgers bykomme, rydt der aanst gjin nachtbus mear fan Grins nei Drachten. Neffens it OV-buro Grins-Drinte kinne de busritten no net út. Der ride alle wykeinen sawat fyftich minsken mei de nachtbus. De ritten kinne pas út as der alle wykeinen 180 ynstappe.

De nachtbus rydt sûnt begjin septimber en ferfiert minsken dy't nachts noch werom nei Fryslân wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)