Boarstkankermoanne iepene

Mei in preamtocht troch it sintrum fan Ljouwert is tongersdei de 'Oktober Boarstkankermoanne' ek yn Fryslân út ein set. Tagelyk waard stilstien by it ferstjerren fan deputearre Anita Andriesen.
Sneon is wer de jierlikse kuiertocht oer it Jabikspaad. Omdat Andriesen dy altyd iepene, woe de organisaasje net foarbygean oan har ferstjerren. Teatergroep Sater makke de cd "Mei folle hannen", mei derop in nûmer spesjaal foar Anita.