Van Boxel net tsjin Eindhoven

02 okt 2009 - 10:19

SC_Cambuur-spiler Robert_van_Boxel moat de wedstriid tsjin Eindhoven oan him foarby gean litte. De ferdigener foel tongersdei by de lêste training út mei in ankelblessuere. Dy krige er doe't er in skot fan Rence van der Wal blokte.

Van Boxel moat trije dagen rêstichoan dwaan. Dan kin besjoen wurde hoe slim oft de blessuere is. Foar Stanley Menzo is dat wer in tsjinslach. Mark de Vries, Nuelson Wau, Leon Hese en Randy Rustenberg binne ek blessearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)