Fabryk sûnder fouten

© Omrop Fryslân
Trije Fryske bedriuwen dy't sensors meitsje foar masines sille de kommende jierren meiwurkje oan in fabryk dy't gjin inkele fout mear makket. It giet om in saneamde Smart Factory.
Fokker Stork út Hoogeveen makket fleantúchûnderdielen en hat de help fan de trije Fryske bedriuwen ynroppen. Oer in pear jier hoecht dan gjin materiaal mear weismiten te wurden by de produksje.