Autobedriuw erkend duorsum

© Omrop Fryslân
Garaazje Van der Schaaf en Mellema is it earste en foarearst iennichste Fryske autobedriuw dat erkend duorsum is. It bedriuw krige tongersdei yn Ljouwert in sertifikaat dêrfoar út hannen fan deputearre Adema.
It bedriuw is op 42 punten duorsum dwaande. Sa kinne de klanten in elektryske scooter ynstee fan in lienauto krije, ferkeapje se stille bannen en ferwurkje se it gemysk ôffal op ferantwurde wize.