Frjentsjer giet foar Veenstra

Fred Veenstra út Drachten moat de nije boargemaster fan Frjentsjerteradiel wurde. Dat hat de ried fan dy gemeente fêststeld. De 46-jierrige Veenstra is no CDA-wethâlder fan de gemeente Smellingerlân. De oanbefelling fan de ried sil no oanbean wurde oan de minister fan Ynlânske Saken.
Yn totaal 25 minsken hawwe sollisitearre nei de funksje fan boargemaster. Veenstra sil de opfolger wurde fan D'66-boargemaster Marjan Haveman. Dy nimt op 1 jannewaris ôfskie.