Primeur: AED mei kompjûter

De defibrillator is oan de kompjûter ferbûn
Ravenswâld hat as earste doarp yn Nederlân in kompjûterbestjoerd AED-alarmsysteem. Minsken dy't sjogge dat ien in hertstilstân hat, kinne in alarmnûmer belje om de lokaasje troch te jaan. Elkenien yn it doarp mei in defibrillatorsertifikaat krijt dan berjocht.
Oant no ta moasten minsken sels belje om it plak troch te jaan. It nije systeem wurdt op 1 novimber ynfierd. Arjan van Gemund út Ravenswâld hat it ûntwikkele.