Sanne Roffel by missferkiezing

01 okt 2009 - 16:31

Sanne Roffel (22) út Drachten docht mei oan de Nederlânske finale fan Queen of the World. Dat is in ynternasjonale missferkiezing. Hieltyd mear jonge froulju dogge mei oan ferkiezings. It tal ferkiezings nimt dêrtroch ek ta.

Foar de Nederlânske foarronde hiene har hûndert froulju opjûn. Dêrfan kamen trettjin yn de finale. De finalisten waarden dizze wike traind om har foar de einstriid klear te stomen. Freed wurdt de winner bepaald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)