Buertkonsjerzjes yn Ljouwert

Buertkonsjerzjes oan it wurk
Yn Ljouwert stappe tenei fiif buertkonsjerzjes om. Sy soargje derfoar dat de buert feilich en skjin bliuwt. Ek binne se oansprekpunt foar bewenners. Se binne fan tongersdei ôf oan it wurk yn Heechterp/Skieringen. De earste wurkdei foar de konsjerzjes begûn mei in rûnlieding troch de wyk Heechterp/Skieringen.
It projekt duorret foarearst 2 jier. Mooglik krije ek de Frijheidswyk en de binnenstêd ynkoarten konsjerzjes.