Nije eigners foar Eindeloos

It restaurant giet oer yn oare hannen
Restaurant Eindeloos yn Ljouwert is ferkocht. Eigners Marcel Haven en Nynke Jansma ha it ferneamde restaurant nei 10 jier oerdien oan Fries-om-utens Willem Schaafsma. De âld-Driezumer makke as kok karriêre by ferskate toprestaurants yn hiel Nederlân.
Eindeloos oan de Korfmakersstrjitte stiet al jierren yn de top 100 fan de bêste Nederlânske restaurants yn de gids Lekker. De nije eigner begjint op 1 jannewaris 2010.