Jild foar d'Halve Maen

01 okt 2009 - 11:27
  • It skûtsje krijt stipe fan Smellingerlân

It Drachtster skûtsje d'Halve Maen krijt fan de gemeente 2500 euro as bydrage yn de restauraasje. It skûtsje is eigendom fan in stichting en moat foar goed 100.000 euro opknapt wurde. It jild komt fan sponsors en út kulturele fûnsen.

De gemeente jout gjin strukturele bydragen oan soksoarte projekten, mar fûn in stimulearringsbydrage wol op syn plak. Dit omdat it skûtsje fan histoarysk belang is en ek belangryk is foar de promoasje fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)