Plysje pakt ynbrekkers

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Harns twa manlju út Utrecht oanhâlden op fertinking fan in ynbraak yn in skoalle oan de Fjouwerkantsdyk. De plysje reagearre op it ynbraakalarm en seach by skoalle in rút iepenstean. Der wiene spoaren fan ynbraak.
In oare surveillânse-auto seach in auto mei de twa fertochten riden. Sy joegen de mannen in stopteken en seagen ynbrekkers-ark yn de auto. De bestjoerder hie gjin jildich rydbewiis. De mannen binne heard.