Wylde achterfolging

01 okt 2009 - 10:34

De plysje hat woansdei nei in wylde achterfolging in Frjentsjerter (23) oanhâlden. Hy ried te hurd by Dronryp. De plysje gie achter him oan en joech in stopteken, mar dat negearde er.

Nei in achterfolging fia Frjentsjer, Mullum en Harns waard op de Suderhaven yn Harns in blokkade delset. De man ramde in plysje-auto en naaide opnij út. Op de Havenwei waard in nije blokkade foarme en ek al ramde de man ek dy blokkade, doe is er pakt. De man sit op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)