Te min reizgers op plattelân

Op it plattelân sitte te min minsken yn de bus
It iepenbier ferfier op it Fryske plattelân yn Noard- en Súdwest-Fryslân rint net. Te min minsken meitsje der gebrûk fan. Yn de moanne stappe noch gjin tûzen minsken yn de buskes. Dat is folle minder as ferwachte.
De provinsje wol sjen hoe't dit better wurde kin. Mooglik mei in publisiteitskampanje of it omlizzen fan drokke buslinen om sa de dekking te ferbetterjen. Yn de lytse doarpen ride no allinnich bussen op oanfraach.