Trijntje Wiel by Broek kin los

01 okt 2009 - 08:14
  • De gemeente kiest dochs foar de oanlis

De oanlis fan de bûtenpleats Trijntje Wiel by De Broek kin trochgean. In mearderheid fan de ried fan Skarsterlân hat dat woansdeitejûn besluten. Yn de kommisje wie de gemeente it eins al iens, mar it duorre dochs noch oardel oere foardat it definitive ja klonk.

It brede maatskiplike belang hat úteinlik swierder weage as de tsjinstân út it doarp. As alles neffens plan ferrint kin de bûtenpleats mei trije jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)