Pensjoenleeftiid nei 67 jier

Anne van Dijk, fakbûnsbestjoerder fan de FNV
De pensjoenleeftiid giet omheech nei 67 jier, dat is de konsekwinsje fan it mislearjen fan it oerlis oer de AOW-leeftiid. In pear oeren foar it ferstriken fan de deadline is it oerlis yn de Sociaal Economische Raad útinoar spatten.
Wurkjouwers en wurknimmers hiene oant 12 oere woansdeitejûn de tiid om ta in advys te kommen, mar oan it begjin fan de jûn seine de wurkjouwers it oerlis op. Ta grutte lilkens fan de fakbûnen. In klap yn it gesicht fine de bûnen.