Vandenbussche yn de basis

01 okt 2009 - 00:43

Keeper Brian Vandenbussche stiet yn de wedstriid yn de Europa League tsjin FK Ventspils op 'e goal. De Tsjechyske doelman Martin Lejsal is net fit genôch om mei te dwaan. Lejsal spile ôfrûne snein tsjin Sparta ek net mei.

Goran Popov is wol op 'e tiid fit. Hy trainde nettsjinsteande in bloedútstoarting op syn foet gewoan mei. Ek Roy Beerens, snein tsjin Sparta noch blesseard, trainde mei mar hy is noch in fraachteken. Datselde jildt ek foar Bak Nielsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)