Ferlies foar fiskhannelers

30 sep 2009 - 22:04

It fangstferbod op iel rekket net allinnich de ielfiskers, mar ek de fiskhannelers draaie tonnen ferlies troch de maatregel. Dat seit Eewke Damstra fan fiskgruthannel Damstra yn Wâldsein.

Fan tongersdei ôf meie ielfiskers twa moanne lang net fiskje. Minister Verburg fan LNV wol hjirmei de ielstân ferbetterje. Omdat de hjerst de bêste tiid is foar fisk, is de opbringst dit jier ekstreem leech. Damstra tinkt dat der banen ferlern geane yn 'e brânsj.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)