Behâld banen by fúzje Agrifirm

30 sep 2009 - 21:58

It fakbûn CNV wol in garânsje dat de banen by Agrifirm en Cehave behâlden bliuwe. De agraryske koöperaasjes besjogge oft se fusearje kinne.

By beide bedriuwen troch it hiele lân wurkje 3000 minsken. Omdat de beide bedriuwen tegearre de grutste spiler op de merk fan feefoer wurde sille, moat Brussel de fúzje goedkarre. Gauris wurde dan bedriuwsûnderdielen ôfstjitten om grien ljocht te krijen, mar it CNV wol dat alle banen garandearre bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)