Bak Nielsen en Popov wol mei

30 sep 2009 - 15:34

Kristian Bak Nielsen en Goran Popov binne wol meireizge nei Letlân. Dêr is de Europa League wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FK Ventspils. It is noch ûnwis oft de twa spylje kinne.

Popov hat in hematoom, in soad bloedútstoarting op syn foet, wylst Bak Nielsen lêst hat fan syn ljisk en rêch. Ek keeper Martin Lejsal is meikaam. De Tsjech wie snein tsjin Sparta noch siik. Gerry Koning is om privee-omstannichheden thúsbleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)