Medalje foar rêden man

30 sep 2009 - 15:20
  • De medalje is foar it rêden fan in man út in baarnend hûs

Op it gemeentehûs fan Dokkum ha Sietse Gjaltema en Jan Visser fan Mitselwier woansdei in Carnegie-medalje krigen. Sy hawwe yn maart 2007 mei Popke van Hijum in doarpsgenoat út in brânend hús rêden. De man (51) hie de gaskraan iepen draaid mei in eksploazje en brân as gefolch. Trije apparteminten oan de Snikke yn Mitselwier giene dêrby ferlern.

Van Hijum hie de medalje al earder fia syn wurkjouwer krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)