Boetes kwyt; ekskús fan CJIB

Anker fynt dat it CJIB in grutte flater makke hat
De oerheid moat ekskús meitsje oan Martin Robben fan Aldeberkeap. Dat seit advokaat Hans Anker. Robben hie 40 snelheidsbekeuringen krigen. Dat wiene boetes foar oertredings op ien en deselde dei, op itselde plak en op hast itselde tiidstip. Dat koe net want syn auto stie stil.
Advokaat Hans Anker tekene beswier oan en krige gelyk. Alle boetes waarden ynlutsen. Anker neamt it in grutte flater fan it Centraal Justitieel Incasso Bureau.