Gemalen hâlde Skylge droech

30 sep 2009 - 10:37
  • Gemalen moatte Skylge tenei droech hâlde

Boeren op Skylge ha oer in jier gjin lêst mear fan polders dy't ûnder wetter komme te stean. It algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân hat tastimming jûn om hast trije miljoen euro te ynvestearjen yn de komst fan twa kombygemalen. Dy moatte de slûzen op it eilân ferfange.

At it bot reint en it wetterpeil yn de see heech is, rinne polders en strjitten op Skylge ûnder wetter. De gemalen ferwurkje mear wetter as de slûzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)