Dikhoff: 'SP moat meiwurkje'

30 sep 2009 - 10:11

Fraksjefoarsitter Ger Dikhoff fan it CDA yn de ried fan Snits hat hurd úthelle nei de Sosjalistyske Partij. Hy ferwiet op de riedsgearkomste dat de SP net meiwurkje wol oan demokratysk nommen besluten.

De SP is tsjin de weryndieling yn Súdwest-Fryslân en lit dat hieltyd wer blike troch hjir negatyf oer te praten. Snits giet akkoart mei de ambysjes foar de nije gemeente en de proseduere om ta in nije namme te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)