Ferwûne by botsing mei bus

© Omrop Fryslân
In Kollumer (31) is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok mei twa bussen yn Ljouwert. De man woe mei syn auto in bus ynhelje dy't by de halte stie.
Dit barde op de Wybrand de Geeststrjitte. By it ynheljen begûn de bus te riden. Dêrtroch botste de auto tsjin de sydkant oan. Nei alle gedachten hat de bestjoerder in ruk oan it stjoer jûn. Dêrtroch botste er frontaal tsjin in bus dy't by in oare bushalte krekt stopje woe. De man is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.