Mear boaten lâns Turfrûte

30 sep 2009 - 09:46
  • Mear boaten ha de Turfrûte brûkt

De Turfrûte is dit jier goed befearn. Dit jier kamen 4000 passazjiers troch de trije tagongsslúzen yn Appelskea, De Gordyk en de Tjonger. Dat binne hast 200 mear as ferline jier. Ek it tal oernachtings lâns de rûte naam ta. Foaral Appelskea profitearre derfan. Der binne 2149 oernachtingen teld. Dat is 10 prosint mear as yn 2008.

Stichting De Nije Kompanjons hat dit bekend makke. De stichting set har yn foar de promoasje en begelieding fan de turfrûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)