Achtkarspelen wurdt grutter

Achtkarspelen wurdt wat grutter
It grûngebiet fan de gemeente Achtkarspelen wurdt grutter, no't it Prinses Margrietkanaal by Strobos breder makke wurdt. It giet om in grinskorreksje fan ien bunder wetter, fan sa'n 500 meter lang en in breedte dy't fariearret tusken de 0 en 26 meter.
It stik grûn hearde earder by de Grinzer gemeente Grootegast. Deputearre Steaten hawwe tiisdei in beslút nommen oer de grinskorreksje.