Duorsume Marrekrite wurkboat

29 sep 2009 - 22:07

Rekreaasjeskip de Marrekrite tinkt nei oer de oanskaf fan in alhiel nije en benammen duorsume wurkboat. Mei de boat moatte minsken en materieel oerset wurde nei Marrekrite lisplakken foar ûnderhâldswurk.

De kosten fan de katamaran dy't op elektrisiteit farre moat, wurde no noch tsjin it ljocht hâlden. De Marrekrite besocht al duorsumer te wurkjen troch duorsume materialen te brûken foar steigers en daamwanden. Mar dêr bliuwt it dus net by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)