Nijbouwenten foar Bitgummole

29 sep 2009 - 20:56

Bitgummole yn Menameradiel krijt der de kommende tiid 23 nijbouwenten by. Tiisdei sette de bou offisjeel útein.

De huzen komme oan de Fuormanderij. Dêr stie earder in leanbedriuw, mar dat is ferhuze. Foar it doarp mei goed 900 ynwenners betsjut it in grutte útwreiding. Pleatslik Belang is bliid mei de nijbou. Neffens de foarsitter hat it doarp ferlet fan minsken fan bûten. Dat komt foarsjennings lykas de basisskoalle ten goede. De huzen wurde pas boud as der keapers binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)