CT- en MRI scans foar bisten

29 sep 2009 - 20:08

In Frysk bistesikehûs kin as earste yn Nederlân sawol in CT scan as in MRI scan meitsje fan bisten. It bistesikehûs yn Drachten iepent in nij sintrum dêr't dat kin. Oant no ta koene beide soarten scans allinne mar op ien lokaasje makke wurde by de universiteit fan Utrecht.

Neffens it bistesikehûs kin bepaalde syktes mei de kombinaasje fan de ûndersyksmetoades better fûn wurde. It sikehûs hat 250.000 euro yn de CT- en de MRI scanner ynvestearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)