Provinsje foar hânkokkeljen

29 sep 2009 - 16:08

De provinsje koe net oars as in fergunning ferliene oan de kokkelfiskerij yn Nasjonaal Park Skiermûntseach. Dat seit deputearre Hans Konst. Der ûntstie striid oer de tastimming foar fiskers om mei de hân op de skulpen te fiskjen op de Oude Wal.

De âldwâl is in wichtich gebiet foar de fûgels yn it natuergebiet. Sa wichtich dat terreinbehearder Natuermonuminten it de fiskers ferbiedt om dêr te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)