Oplossing foar kwestje Skier

29 sep 2009 - 15:18

Foar Huub en Els Barnhard op Skiermûntseach komt mooglik dochs noch in oplossing. It echtpear soarget foar de âlders fan Huub dy't al 89 jier binne en in soad help nedich hawwe.

Dy help krije se ek omdat Huub en Els Barhard by har yn de tún wenje yn in appartemint. Dat mei net en de gemeente hat sels al in twangsom oplein. Mar dat giet foarearst net troch, seit wethâlder Bert Korendijk fan Skiermûntseach. It kolleezje hat tiisdei oer de kwestje oerlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)