Fryske holdoek presintearre

29 sep 2009 - 14:21

Tiisdei is yn Boksum de earste holdoek mei dêrop de Fryske flagge presintearre. It idee ûnstie as gekkichheid op ynternet. Tagelyk is it útgroeid ta in stil protest tsjin it foarstel fan politikus Geert Wilders dy't belesting heffe wol op it dragen fan holdoekjes.

Fadwa Kartoubi hat de primeur fan in holdoek mei de Fryske flagge. Se komt fan Lelystêd en wurket yn Ljouwert. Fadwa sjocht de holdoek as in teken fan yntegraasje nei beide kanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)