Frijspraak fan minskerôf

Echtpear net ferfolge foar meinimmen Filipynsk famke
In 56-jierrige plysjeman en syn frou út Ljouwert wurde net ferfolge foar minskerôf en stikferfalsking. Dat hat de rjochtbank tiisdei bepaald. It echtpear soe yllegaal in lyts famke fan de Filipinen meinaam hawwe.
Neffens justysje hie it echtpear sjoemele mei formulieren om it berntsje, dat no trije jier is, nei Nederlân te krijen. De agint en syn frou, dy't sels Filipynse is, ûntkenden dat en seine dat se mei de allerbêste bedoelings hannele hiene.