Megaprojekt foar IJB Groep

© Omrop Fryslân
De IJB Groep op 'e Lemmer hat in mega-projekt bemachtige. It bedriuw wurket yn Kampen mei oan de bou fan in grut distribúsjesintrum foar it Finske bedriuw Wärtsilä. It moat 8500 peallen de grûn yn slaan.
It bysûndere is dat foar dy opdracht tsien útstjoerkrêften oanlutsen binne en dat alle fiif bv's fan de IJB Groep deryn meiwurkje. Wärtsilä bout skipsmotoaren en oare masine-ûnderdielen foar skippen en hat 160 festigingen yn 70 lannen.