Fryske bern presteare minder

Fryske bern binne net dommer
Bern yn Fryslân presteare minder op skoalle as learlingen yn de rest fan it lân. Fryske bern binne net dommer, mar har âlders, learkrêften en de bern sels hawwe folle legere ferwachtings fan wat se berikke kinne. Omdat it algemiene opliedingsnivo yn Fryslân ek leger is, misse de bern ek nochris in rolmodel.
Dat docht bliken út promoasje-ûndersyk fan de Harnzer ûnderwiiskundige Hester de Boer oan de Ryksuniversiteit Grins.